Mei it wiffe skip

Mei it wiffe skip

Abonnementkosten: € 24.95
Beschrijving: Mei it wiffe skip is it jubileumboek fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) by it hûndertjierrich bestean. Gjin tinkboek yn 'e wenstige sin, dus gjin nostalgysk boek mei plaatsjes en anekdoaten út it ferline. Want it KFS wol fierder. Dêrom is it in neitinkboek wurden.Yn de ferrûne hûndert jier is der hiel wat skreaun en wreaun oer kristlik-Frysk en oer Frysk op it mêd fan tsjerke en leauwe. Dêr tsjûget dit boek fan: der is in kar út in ieu skriuwerij oer dat ûnderwerp yn opnommen. Mei as wichtichste doel: in bydrage te leverjen oan it neitinken oer de takomst fan it jubilearjende selskip.It boek begjint mei in histoarysk oersjoch oer it KFS (en oer it Roomsk Frysk Boun), dat de opnommen artikels yn in skiedkundich ramt set. Dat ramt plus it karakter fan de fierdere ynhâld makket dat it belang fan dit boek folle fierder rikt as allinnich mar de niget fan de selskipsleden: it reflektearret in tige wichtige kant fan de Fryske beweging as gehiel.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand