Binnentún

Binnentún

Abonnementkosten: € 25.00
Beschrijving: De debútbondel Binnentún van Tryntsje van der Veer befettet 49 haikûâs yn it Frysk, oer de natoer en it libben. De dichtfoarm noege har út om sa sober en folle-sizzend mooglik te wêzen. Op har syktocht trof sy Ouke Kooistra, dyât meardere kearen eksposearre yn âe kapel fan Bronkhorst. Syn bysûndere oanpak fan gewoane objekten resultearre yn fotowurk wêrfanât de sfear goed by de haikûâs oanslute. Rob du Jardin foege in ekstra diminsje ta. Tegearre mei de skriuwster spriek hy teksten yn. It lûd fan de stimmen fariearret fan donker, gefoelich en hertstochtlik ta rêstich en plechtich. Syn ymprovisaasjes op fleugel en fioele omliste de fersen, wêrtroch in totaalbelibbing ûntstiet. Sa kaam der in multimediaal en meardiminsjonale projekt yn wurd, byld en lûd ta stân.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand